Dieders betelje skea Hallum

25 sep 2014 - 12:07

De gemeente Ferwerderadiel hat de skea fan de fernieling fan trettjin lantearnepeallen yn Hallum op de dieders ferhelle. Yn augustus ferline jier setten fiif jongeren Hallum foar in part yn it tsjuster troch de lampepeallen te fernielen. Se hiene de peallen iepenbrutsen en de sekeringen derút helle. De skea wie hast 4000 euro.

De dieders binne troch de rjochter feroardiele ta it fergoedzjen fan de skea. In 19-jierrige Hallumer krige boppedat in wurkstraf fan 80 oeren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)