Kreakers út hûs helle
De plysje yn Ljouwert hat tongersdeitemoarn seis minsken oanhâlden foar húsfredebrek. Se hiene ynbrutsen yn in wenning oan De Zwemmer yn de wyk Suderbuorren. It hûs wie krektlyn ferkocht, mar noch net bewenne.
De groep, manlju en froulju fan 18 oant 34 jier, waard yn it hûs oanhâlden. Se sitte noch fêst.