Marineskip sneon fan pier ôf

25 sep 2014 - 10:16

De lâningswein fan de marine dy't tiisdeitejûn fêstrekke is op de pier by Breesândyk by de Ofslútdyk bliuwt dêr oant sneon lizzen. De marine komt sneon mei in ponton mei in grutte kraan om de wein wer yn it wetter te takeljen. Oant dy tiid wurdt de wein konstant yn de gaten hâlden om foar te kommen dat minsken oan board gean.

De wein fear tiisdei mei floed de steile pier op. Hy leit mei it achterste diel op de stiennen. Doe't it letter eb waard, kaam er droech te lizzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)