Restauraasje Woudagemaal klear

25 sep 2014 - 07:06

It Woudagemaal op De Lemmer is nei trije jier hielendal opknapt. Tongersdei wurdt de renovaasje offisjeel ôfsletten. Under oaren it beton- en mitselwurk ûnder wetter is oanpakt en de fjouwer stoomtsjettels binne renovearre. De keardoarren binne yn âlde steat werombrocht.

It Woudagemaal is hast hûndert jier âld en moat no wer fjirtich jier meikinne. De opknapbeurt hat 8,4 miljoen euro koste. De ôfsluting fan de renovaasje wurdt tagelyk fierd mei it 10-jierrich jubileum fan Wetterskip Fryslân. Dy hâldt sneon op ferskate plakken iepen dei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)