Amtlike fúzje yn Noard-Fryslân

© Omrop Fryslân
De gemeenten Dongeradiel, Dantumadiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân sille yn 2015 amtlik fusearje. De fjouwer belutsen gemeenterieden binne woansdei akkoart gien mei it plan om ien amtlike organisaasje op te setten. Mei ien útfierende organisaasje tinke se nije taken op it mêd fan bygelyks soarch en wolwêzen better útfiere te kinnen.
Foar 1 april 2016 sil de gearwurking evaluearre wurde en dêrnei wurdt bepaald oft de fjouwer gemeenten meiwurkje wolle oan in weryndieling yn 2018.