Drokke SAR-reüny op fleanbasis

24 sep 2014 - 19:01

De SAR-reüny op de Ljouwerter fleanbasis luts woansdei in pear hûndert minsken, benammen hjoeddeiske en eardere meiwurkers fan de helikoptertsjinst. Sy koene sjen nei de ferrjochtings fan Nederlânske, Belgyske en Spaanske SAR-helikopters. Dy dogge dizze wike mei oan in ynternasjonale SAR-moeting yn Ljouwert.

De reüny wie ek wol wat mankelyk, omdat definsje de SAR-taken yn 2015 ôfstjitte sil. Definsje sil dan ek alle helikopters weromlûke fan de Ljouwerter fleanbasis. De reüny waard hâlden fanwege it 55-jierrich bestean fan de SAR.

Op de reüny wiene ek bewenners fan Waadeilannen oanwêzich, dy't in spesjale bân mei de SAR-tsjinst hawwe. Ien dêrfan is de Flylanner ûndernimmer Tsjerk Dykstra, dy't sels in pear kear troch in SAR-helikopter nei it sikehûs brocht is. Neffens him fine de measte eilanners it tige spitich dat definsje ophâldt mei de Search and Rescuetsjinst. It is it doel dat in partikuliere helpferliener de Search and Rescuetaken yn 2015 oernimt.

Op de reüny waard ek in nij berneboek presintearre fan de searje 'Piet Storm gaat ijskoud door' fan skriuwer en skilder Adri Burghout. De boeken binne ynspirearre op de aventoeren fan SAR-meiwurkers fan de Ljouwerter fleanbasis troch de jierren hinne. Ald-SAR-meiwurker Piet Schram hat model stien foar Piet Storm.

Trefwurden: 
Ljouwert SAR reüny
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)