Kongres oer tinke yn oplossing

24 sep 2014 - 16:56

De NHL Hegeskoalle organisearret ein septimber yn Ljouwert in grut ynternasjonaal kongres oer it tinken yn oplossings yn stee fan beheinings. In grut tal saakkundigen út binnen- en bûtenlân sil tusken 26 en 29 septimber sprekke oer dit ûnderwerp en workshops hâlde. De dielnimmers op it kongres komme út 25 lannen.

It kongres wurdt alle jierren op in oar plak yn de wrâld hâlden. De organisaasje fan de 21ste edysje is gund oan de NHL Hegeskoalle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)