Grutte fangst by kontrôle

24 sep 2014 - 16:50

Plysje en dûane hawwe de ôfrûne dagen yn Fryslân, Grinslân en Drinte ferskate ferkearskontrôles, surveillânses en previnsje-aksjes hâlden yn wenwiken mei in soad ynbraken. Mei elkoar binne 1.200 persoanen en weinen kontrolearre, wêrfan 86 út it bûtenlân.

De grutste fangst wie yn Ljouwert. Dêr is in man oanhâlden dy't mear as 600 dagen finzenisstraf útsitte moast. Op It Hearrenfean is in man oanhâlden dy't 9800 euro oan boetes iepenstean hie. Plysjes ha ek kampings en jachthavens besocht en eigeners frege om fertochte sitewaasjes te melden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)