Brân yn hûs yn Boalsert
Yn Boalsert hat woansdeitemiddei brân west yn in hûs oan de Saksenburg. Yn de nok fan it dak bruts brân út. Mooglik as gefolch fan in ynslach fan wjerljocht. De bewenners koenen allegear op 'e tiid út de wenning. Om by de brân komme te kinnen hat de brânwacht in heechwurker ynset.