"Fernuvere oer rjochtbankplan"

Kommissaris John Jorritsma wie net op de hichte fan de ferhúsplannen fan it rjochtbankpersoniel fan Ljouwert nei Grins. De ferhuzing kaam woansdei yn Provinsjale Steaten oan de oarder. Ferskate partijen hawwe der fragen oer steld. De kommissaris seit dat der altyd goed oerlis west hat tusken de rjochtbank en it provinsjebestjoer, mar hy wie fernuvere oer de plannen dy't ferline wike nei bûten ta kamen.
Al it kantoarpersoniel fan de rjochtbanken yn Ljouwert en Assen moat yn 2020 yn Grins oan it wurk.
Jorritsma hat der lykwols alle betrouwen yn dat de ferhuzing net trochgiet, omdat ek minsiter Stef Blok fynt dat der eins te min wurkgelegenheid yn Fryslân is.