Friezen yn seleksje JongOranje

24 sep 2014 - 13:46

Lucas Bijker fan SC Cambuur en Joost van Aken, Daley Sinkgraven en Luciano Slagveer fan SC Hearrenfean sitte by de earste seleksje foar Jong Oranje. It belofte-alvetal spilet op 9 oktober yn Alkmaar de EK-kwalifikaasjewedstriid tsjin Jong Portugal. Op 14 oktober is de return. It EK is takom simmer yn Tsjechië.

Bûnscoach Adrie Koster hat yn totaal 32 spilers oproppen. Meikoarten wurdt de definitive seleksje bekend makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)