Petysje tsjin krusing Drachten

Rydskoallehâlder Martijn Dijkstra fan Drachten is yn aksje kommen om fan it gefaarlike krúspunt fan de Raai, de Kaden en de Noarder- en Suderdwersfeart in rotonde te meitsjen. It krúspunt is fan 'e wike neamd yn it rychje fan gefaarlikste krúspunten fan ús lân. Dijkstra hat no in petysje op ynternet set dy't minsken tekenje kinne. De petysje is tiisdei pleatst en wie woansdeitemoarn al 600 kear tekene. Martijn Dijkstra komt alle dagen meardere kearen mei syn learlingen oer it krúspunt en fynt dat der echt wat feroarje moat.
Minsken witte net wa't op wa wachtsje moat en dat liedt geregeld ta gefaarlike situaasjes en opstoppings.