Mear jild nei feiligens fytser

24 sep 2014 - 12:09

De provinsje Fryslân stekt fan 2016 oant en mei 2020 acht miljoen euro yn it ferbetterjen fan de ferkearsfeilichheid fan fytsers. It tal ferkearsslachtoffers moat sa mei de helte ôfnimme nei jierliks fjirtjin deadlike slachtoffers en in lytse 400 slim ferwûnen.

It jild giet foar in grut part nei praktyske ferkearslessen, lykas foar jongeren yn 'e brêgeklasse. Foaral it gebrûk fan it mobyltsje op 'e fyts is in grut probleem. De Stichting Befoardering Ferkearsedukaasje sil in part fan de maatregels útfiere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)