Westra:goed gefoel oer seizoen

24 sep 2014 - 12:02

Lieuwe Westra is sa goed as klear mei it seizoen. De hurdfytser fan De Tynje sjocht mei in goed gefoel werom op it ôfrûne jier. Hy wûn etappes yn de Ronde fan Kataloanje en de Dauphiné. Boppedat hat er as helper in grutte rol hân yn de oerwinning fan ploechmaat Vicenzo Nibali yn de Tour de France. It earste jier by de Kazakske ploech Astana is him goed befallen. Hy hat in soad opstutsen en himsels ûntwikkele as hurdfytser.

Westra docht net mei oan de tiidrit op it WK hurdfytsen, wylst er ôfrune jier noch Nederlânsk kampioen tiidriden wie.

Dit jier gie it Westra en syn ploech Astana om de Tour de France. Dêrom sil hy net meidwaan oan de tiidrit op it WK. Hy wol him yn de kommende jierren wol wer mear talizze op it tiidriden.

Trefwurden: 
hurdfytsen Lieuwe Westra
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)