Ljouwert krijt stedsgarderôbe

24 sep 2014 - 11:54

Minsken dy't op stap wolle yn Ljouwert hoege har jas tenei net mear mei te nimmen de kroech yn. Jas en tas kinne fan 2 oktober ôf achterlitten wurde yn de saneamde Stadsgarderobe yn de Oude Doelesteeg. Foar 1,50 euro wurdt de hiele nacht op it guod past.

It idee foar de stedsgarderôbe komt fan Fries om utens Anne Willem Pranger. Hy hat trije jier lyn de stedsgarderôbe yn Grins opset en dat rint as it spoar. Dêr is de stedsgarderôbe seis nachten yn de wike iepen en op guon nachten hingje der wol 2.000 jassen.

Ljouwert wurdt de twadde fêstiging fan de stedsgarderôbe, mar der binne plannen om it konsept noch fierder út te wreidzjen nei ûnder oaren Amsterdam, Rotterdam en Enschede.

Trefwurden: 
Ljouwert stedsgarderôbe
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)