Terras yn Grou mooglik smûkst

Terras Oostergoo yn Grou
It terras fan hotel restaurant Oostergoo út Grou is yn de race foar de titel fan gesellichste terras fan Nederlân. It Grouster terras is al útroppen ta gesellichste terras fan Fryslân en moat it no opnimme tsjin de oare provinsjale winners. Oostergoo docht der in soad oan om in terras gesellich te hâlden. Sa binne der dit jier glêzen wynskermen pleatst om it terras noch smûker te meitsjen.
Op 27 oktober wurdt yn Kasteel de Hooge Vuursche by Baarn bekend makke wa't de winner is, minsken kinne net mear stimme op har favorite terras.