Petear oer mishanneling

24 sep 2014 - 11:10

Fuotbalferiening VV Nijskoat fan It Hearrenfean en DWP út Sint-Jânsgea sille tongersdeitejûn yn petear oer de mishanneling fan ôfrûne moandei. In 14-jierrige jonge fan It Hearrenfean waard moandei mishannele op it Kingcollege yn syn wenplak. Dat barde nei oanlieding fan in fuotbalwedstriid tusken DWP B1 en Nijskoat B1. De jonge rûn troch de mishanneling ûnder oare in harsenskodding op.

Foarsitter Jan Kootstra fan VV Nijskoat is bot oandien troch it foarfal.

Kootstra fynt it ek spitich dat syn feriening sa keppele wurdt oan de mishanneling, wylst it foarfal bûten it terrein fan Nijskoat wie. By it petear tusken Nijskoat en DWP sil ek de KNVB oanwêzich wêze. DWP wol noch hieltyd gjin reaksje jaan op de mishanneling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)