Mei scooter ûnder bestelbus

24 sep 2014 - 11:00

In 53-jierrige scooterbestjoerder út Stiens is woansdeitemoarn slim ferwûne rekke by in ûngelok op de Troelstrawei yn Ljouwert. In 64-jierrige Ljouwerter bestjoerder fan in bestelbus woe rjochts ôfslaan en doe botste de scooterbestjoerder tsjin de bus oan. De man ried op it fytspaad derneist. It slachtoffer rekke beknypt ûnder it buske.

De brânwacht helle him ûnder it buske wei. Hy is mei ûnbekende ferwûnings mei de ambulânse nei sikehûs MCL yn Ljouwert brocht. De Ljouwerter is foar ferhoar meinommen nei it plysjeburo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)