Status Boerum oan minister

De weropboude mûne Windlust yn Boerum nei de brân © Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Minister Jet Bussemaker nimt de moasje oer de monumintestatus fan de mûne fan Boerum "voor kennisgeving" oan. Dat lit it ministearje fan OC en W witte. De folsleine Twadde Keamer spruts him tiisdei út tsjin it plan fan de minister om de restaurearre mûne fan de list fan Ryksmonuminten ôf te heljen.
Neffens minister Bussemaker is de ôfbaarnde en wer opboude mûne Windlust net autentyk mear.