Protest tsjin guozzebelied

24 sep 2014 - 10:36

Boeren protestearje woansdei by it provinsjehûs tsjin de guozze-oanpak fan deputearre Johannes Kramer. Om 06.30 oere hawwe se trekkers foar it provinsjehûs yn Ljouwert delset. De boeren binne it net iens mei it belied fan Kramer. Dat hâldt koartsein yn dat der wer bot ynset wurdt op de opfang fan trekkende guozzen. Utsein de paugoes wurde alle guozzen winterdeis in skoft mei rêst litten. Boeren en jagers wolle lykwols mear guozzen ôfsjitte kinne.

Provinsjale Steaten prate woansdei oer de guozze-oanpak fan Kramer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)