Earste debat PvdA-listlûkers

23 sep 2014 - 23:09

Sa'n hûndert leden fan de PvdA kamen tiisdeitejûn nei it earste debat tusken de trije kandidaat-listlûkers foar de provinsjale steateferkiezings yn maart 2015. Yn it Posthuis Theater op It Hearrenfean giene keamerlid Lutz Jacobi, deputearre Jannewietske de Vries en wetterskipsbestjoerder Roel de Jong yn debat mei elkoar en mei de leden. In echte winner wie der net.

Woansdeitejûn debattearje Jacobi, De Vries en De Jong noch in kear yn debatsintrum De Bres yn Ljouwert. Fan sneon ôf kinne de 3300 PvdA-leden yn it gewest Fryslân skriftlik of fia ynternet in stim útbringe op ien fan de trije kandidaat-listlûkers. De ferkiezings binne op 18 maart takom jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)