Baneferlies troch ophâlden SAR

SAR © Omrop Fryslân
Dat it ministearje fan Definsje ophâldt mei de Search And Rescue flechten, betsjut dat der 40 banen ferdwine by de Ljouwerter fleanbasis. Piloaten, boardmonteurs, rêders en oar personiel fan de SAR sille op oare plakken ûnderbrocht wurde. It kin ek wêze dat de militêren útstjoerd wurde nei oarlochsgebieten yn it bûtenlân. It personiel fynt it tige spitich dat definsje op 1 jannewaris 2015 ophâldt mei de SAR-taken as rêdingsaksjes op see en pasjinteferfier fan en nei de Waadeilannen. De minister fynt de SAR gjin kearntaak fan definsje.
Hokker oare organisaasje de taken fan de SAR oernimme sil, is noch net bekend. De ANWB hat him melden as kandidaat.