Elektryske auto's mei KH2018

23 sep 2014 - 13:49
  • Frisian Eco Car

De gemeenteriedsfraksje fan de PvdA yn Ljouwert wol dat mei Kulturele Haadstêd yn 2018 op syn minst tweintich elektryske auto's troch de binnenstêd ride. Dy moatte boud wurde troch MBO-learlingen fan ROC Friese Poort. De PvdA freget de gemeente yn in moasje de kânsen dêrfoar te ûndersykjen.

Ferline wike waard de earste Frisian Eco Car presintearre. De duorsume auto rydt op sinne-enerzjy. By de bou krigen de learlingen stipe fan it bedriuwslibben. De PvdA wol dat it projekt fierder trochset wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)