Lotterij foar bou doarpshûs

Hantum besiket mei in lotterij jild binnen te krijen foar in multyfunksjoneel sintrum. It doarp is al tsien jier dwaande om sa'n sintrum te realisearjen. Dat is oant no ta net slagge fanwege it jild. Neffens de inisjatyfnimmers fan de lotterij springt de gemeente Dongeradiel net genôch by.
De Warm Hart Loterij begjint op 2 oktober en rint in heal jier. Der meie maksimaal 90-tûzen lotten foar tsien euro it stik ferkocht wurde. De prizen wurde betelle út de opbringst fan de lotterij.
Mochten der net genôch lotten ferkocht wurde om de prizen útkeare te kinnen, dan krije minsken it jild werom.