Jeugd komt mei keetfoarstel

23 sep 2014 - 12:28

De jongerein yn de gemeente Littenseradiel hat sels mei in foarstel dien om de seis jeugdketen yn de gemeente iepen te hâlden. It saneamde 'Three strikes out'-systeem moat oerlêst foarkomme. Dat betsjut dat mei trije misstappen de keet ticht moat. Mei it foarstel fan de jeugd is it foarnimmen fan boargemaster en wethâlders om de keten te sluten foarearst fan de baan.

De jeugd prate moandeitejûn yn in rûntepetear mei de gemeenteried oer de takomst fan de keten. Dêr kamen mear as hûndert belangstellenden op ôf.

Boargemaster Liemburg sjocht wol wat yn it foarstel fan de jongerein. De gemeente sil no mei de jongeren yn petear om te sjen oft se ek ta dúdlike en praktyske ôfspraken komme kinne foar it 'gedogen' fan de keten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)