Anema presintearret nij team

23 sep 2014 - 12:19
  • De Clafisploech fan Jillert Anema
  • Jillert Anema (l.) en eigener Bert Jonker fan Clafis (r.)
  • De Clafis ploech
  • De Clafisploech fan Jillert Anema

Reedrydtrainer Jillert Anema hat tiisdei syn nije ploech foar it kommende jier presintearre. Jorrit Bergsma, Bob de Vries, Jorein ter Mors en Antoinette de Jong binne de opfallendste nammen yn it team dat sponsore wurdt troch yngenieursburo Clafis op It Hearrenfean. De presintaasje fan de riders en rydsters wie yn restaurant Het Ambacht op It Hearrenfean.

Anema is teloarsteld dat der net mear ynternasjonale riders yn syn nije ploech Clafis sitte. By de presintaasje fan syn team op It Hearrenfean fertelde Anema dat it noch hieltyd it doel is om mear ynternasjonale riders yn it team op te nimmen. Mar oant no ta is dat net slagge. Allinnich de Fransman Alexis Contin en de Amerikaanske Heather Richardson hawwe de oerstap nei Clafis makke. Anema is teloarsteld yn de hâlding fan ferskate reedriders sawol nasjonaal as ynternasjonaal. Neffens him binne se net ambisjeus genôch. Se wolle meidwaan mar net ten koste fan alles wrâldkampioen wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)