Himpkwekerij yn Snits

23 sep 2014 - 12:05

Yn in wente yn de Pripperstrjitte yn Snits is moandeitejûn in himpkwekerij ûntromme. De brânwacht trof de planten oan doe't se oproppen waarden foar in brân yn it hûs. De 67-jierrige bewenner is oanhâlden. Hy moast earst nei it sikehûs omdat er reek ynaseme hie. Bliken die dat de stroom yllegaal ôftape is.

De plysje docht ûndersyk nei de oarsaak fan de brân. De hûndert himpplanten binne fuorthelle.

Trefwurden: 
Snits himp
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)