Ravaazje nei ynbraak juwelier

23 sep 2014 - 11:37

By in ynbraak by juwelier Walsweer oan de Nijstêd yn Ljouwert binne moandeitenacht ferskate sieraden stellen. Wat en hoefolle oft der krekt meinaam is, wit de plysje noch net. De plysje krige om trije oere hinne in melding fan de ynbraak. De dieders hiene oan de bûtenkant de boel fernield om yn de winkel komme te kinnen. Dêrnei hawwe se harren slach slein. De plysje hat in ûndersyk ynsteld.

In ynbraak is in grutte klap foar de eigener, de 25-jierrige edelsmid Chantale Walsweer. Wat der krekt allegear meinaam is wit se noch net, dêrfoar is de chaos noch te grut. Hast alle glêzen fitrines binne stikken slein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)