Aldehaske kriget doarpsgebou

23 sep 2014 - 10:14

BouwCollectief Sneek begjint yn oktober mei de bou fan it 'Kulturhûs' yn Aldehaske. Dêr komme ûnder oare de biblioteek, in húsdokter, de thússoarch, berne-opfang en in sportseal yn. Wenningbouferiening Accolade ferhiert it kompleks oan de Stichting Kulturhûs Aldehaske.

It doarpsgebou moat oer in jier klear wêze. BouwCollectief Sneek makket foar de bou gebrûk fan in soad pleatslike bedriuwen, benammen fan De Jouwer, It Hearrenfean en Snits.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)