Jubileum foar SAR-helikopter

De fleanbasis yn Ljouwert stiet fan 'e wike stil by it 55-jierrich jubileum fan de SAR-helikopter. Der is ûnder oare in ynternasjonale SAR-oefening, in wedstriid tusken helikopters en in reüny fan (âld)meiwurkers. De SAR-hely is yn dy 55 jier mear as fiiftûzen kear útflein. Earst wie dat inkeld om militêren te rêden en letter kaam dêr pasjinteferfier by.
It is it lêste jier fan it pasjinteferfier fan de Waadeilannen troch de SAR-helikopter. Definsje hâldt der yn 2015 mei op. In partikuliere partij nimt it wurk dan oer, mooglik de ANWB.