Skeafergoeding dug-out-drama

22 sep 2014 - 22:31
  • Unfeilich sithokje op fuotbalfjild

De famyljes dy't troffen binne troch it dug-out-drama yn Twizel hawwe oerienstimming berikt mei de gemeente Achtkarspelen oer in skeafergoeding. Dêrmei is de rjochtsaak dy't yn novimber wêze soe lykwols noch net fan de baan. Dat seit advokaat Liesbeth Poortman-De Boer fan de famyljes. Sy lit de saak pas falle as de gemeente en de fersekerder de skeafergoeding oermakke hawwe.

De slachtoffers wolle antwurd op de fraach hoe't it koe dat de gemeente net wist fan de skea oan de dug-out. Dêr wie mei de oktoberstoarm fan ferline jier in tûke op fallen. De skea is melden troch de fuotbalferiening, mar waard ôfwiisd troch de gemeente.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)