Nije boargemaster Opsterlân

De gemeenteried fan Opsterlân hat de 50-jierrige Ellen van Selm foardroegen as nije boargemaster. Se folget Marian Jager-Wöltgens op.
Van Selm wennet yn Lelystêd en se is direkteur fan har eigen consultancy-bedriuw. Se wurket faak as trainer en adviseur foar gemeenten en it Ryk. Se is boppedat aktyf yn ferskate bestjoeren en hat riedslid west foar GrienLinks. Se is no lid fan D66. Se hat mei har stúdzje yn Bakkefean wenne.
De foardracht fan de gemeente giet fan 'e wike nei it ministearje fan Ynlânske Saken. De minister sil de foardracht oerbringe nei de Kening. As alles goed giet, kin Van Selm yn novimber oan de slach.