Alde kelders Ljouwert opknapt

22 sep 2014 - 16:04

Op inisjatyf fan de stifting Praamvaren Leeuwarden binne de 17e ieuwske kelders yn it Naauw opknapt. De gidsen steurden harren bot oan de fertutearze ruten en kelders. De fernijde kelders binne fan moandei ôf offisjeel te besjen. Ofrûne jier wiene der sa'n 17.000 besikers dy't in boattocht makken troch de grêften van Ljouwert. De preammen farre noch oant 1 oktober.

Troch de kelders wurdt foar de bedriuwen al lang gjin guod mear oanfierd. Ek fan in etalaazje-funksje dy de kelders letter noch in skoft hân ha, is al lang gjin sprake mear. Gefolch wie dat de boel bot fertutearzje. Dat foel benammen de preamfarders op, dy't de hiele simmer mei gasten troch de stêd farre. Op harren inisjatyf hat it Ljouwerter bedriuw Invective Collective no by ferskate kelders foto-panelen mei historyske ôfbyldings oanbrocht. Meast opmerklik is lykwols de wat mistearieuze kelder fan in eardere wolkammer. Mei black-light, spegels en bollen breiwol, wurdt dêr de relaasje mei it ferline sichtber makke. De gemeente stiet iepen foar mear fan dit soarte lytsskalige projekt-ideeën, ek om't se takom jier gadingmakker wêze wolle foar it predikaat 'Bêste binnenstêd'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)