Nije lieding 'Smaakhoofdstad'

22 sep 2014 - 15:29

It bestjoer fan de stichting 'Hoofdstad van de Smaak' hat in kommunikaasjebedriuw set op de projektlieding foar it evenemint yn Ljouwert. Ljouwert is takom jier in jier lang Haadstêd fan de smaak. Der binne dan allegear aktiviteiten op it mêd fan iten en drinken. In pear wiken lyn lutsen de inisjatyfnimmers har werom út de organisaasje, omdat dúdlik wurden wie dat se mei folle minder jild wurkje moatte soene as dêr't sij fanútgien wiene. De oerkoepeljende organisaasje fan it evenemint hat no it buro WijvanPS oanlutsen om de karre te lûken.

Dat buro wie earder belutsen by oare grutte eveneminten, lykas de Solar Challenge en de Special Olympics en Ljouwert Culinair.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)