Takom wike rjochtsaak De Lawei

22 sep 2014 - 15:11

De Ried foar Arbitraazje yn de bou bûcht him takom wike moandei yn Drachten oer it skeel tusken teater De Lawei en oannimmer Van Norel út Epe. Twa wike lyn sei it teater de oerienkomst mei it boubedriuw per direkt op. Reden foar de ûntbining wie dat der meardere kearen konstatearre is dat de oannimmer net wurket neffens it bestek en boppedat de opleveringsterminen net hellet. Van Norel seit dat der in soad tsjinslaggen west hawwe, lykas de fynst fan asbest.

It bedriuw hat it bouplak dan ek ôfsletten. De rjochtsaak fan moandei moat útwize oft dat terjochte is. De ferbou fan de Lawei kostet 19 miljoen. De skea fan de kontraktbreuk rint yn de miljoenen.

Trefwurden: 
bou Teater De Lawei Van Norel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)