Lekkerij akwadukt ferholpen

Der kin wer wurke wurde yn it akwadukt by de westlike ynfalswei by Ljouwert. Ferline wike tongersdei die bliken dat der lekkerij wie yn it akwadukt. Yntusken is al it wetter der wer útpompt en kin der dizze wike wer úteinset wurde mei de wurksumheden. Dat jildt net foar it akwadukt by Ritsumasyl, dat ek lekkerij fertoande. Hjir stiet it wetter noch altyd yn. It sit de provinsje net echt mei, want earder die al bliken dat ek de bou fan it akwadukt by de Drachtsterwei fertraging oprint, om't de grûn hjir hiel hurd is.