Serious Record mislearre

It rekôr fan it langste konsert op 'e wrâld dat de organisaasje fan Serious Record yn desimber ferline jier helje woe, is mislearre. Dat seit Jort Visser fan de organisaasje fan it projekt. De rekôrpoging begûn ferline jier op freed 13 desimber en duorre oant 21 desimber 23:00 oere. Dêrmei waard in rekôr helle fan 363 oeren efterelkoar spyljen.
It rekôr soe net bewiisd wurde kinne om't de organisaasje net sjen litte kin dat der ek echt 363 oeren lang, op syn minst 10 beteljende besykers by it konsert wienen.
"We have now looked into your evidence pack in detail, and we are sorry to inform you that we are unable to approve your record. The concert must have been performed to a paying audience and all audience members must have been issued with a ticket", sa seit it World Guinness Book of Records.