Fermissing Cuperus yn Vermist

22 sep 2014 - 12:53

De fermissing fan de maresjesee Sicco Cuperus is tiisdei ûnderwerp yn it televyzjeprogramma Vermist. Sûnt 7 juny is der gjin spoar mear fan de 36-jierrige Ljouwerter. De maresjesee hat meardere kearen socht yn Marrum en omkriten. Dêr is de lege auto fan Cuperus werom fûn. Ek binne der struibriefkes útdield oan it Vliet yn Ljouwert, dêr't de man wenne. It televyzjeprogramma Vermist wurdt tiisdei útstjoerd om healwei tsienen (21:30) op NPO1.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)