Brêge Burdaard wer makke

22 sep 2014 - 12:43

De brêge by Burdaard kin wer iepen en ticht. It hiele wykein wie de brêge stikken. Troch in technysk mankemint koe de brêge net betsjinne wurde. En om't de monteur it yn it wykein te drok hie, koe der moandei pas úteinset wurde mei de reparaasje. Allinnich boatsjefarders mei hiel lytse boatsjes koene der del.

Foar de rest siet der neat oars op as omfarre oer Dokkum of Ljouwert.

Trefwurden: 
steuring brêge Burdaard
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)