Fiskhannel rekke troch boykot

22 sep 2014 - 12:36

Net allinnich boeren en túnkers hawwe skea troch de boykot fan Europeeske produkten troch Ruslân. Ek de Fryske hannelers yn fisk krije der hieltyd mear lêst fan. Sa kin fiskgruthannel Damstra út Wâldsein syn fisk op dit stuit net nei de Russen bringe. Dat kostet him in soad jild om't Ruslân ien fan syn grutste klanten is. Damstra fynt dat de boykot neat opsmyt en frege dêrom snein oan minister Dijsselbloem fan Finânsjes om in ein te meitsjen oan de maatregels.

De minister wie te gast by Het Gesprek van Sneek, mar hie in minne boadskip foar Damstra en de oare ûndernimmers. De boykot bliuwt en it kin noch wol moannen duorje foardat er opheft wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)