Oanpak fan fertraging op N361

22 sep 2014 - 11:38

It ferkear op de N361 tusken Gytsjerk en Tytsjerk hat moandeitemoarn te krijen hân mei in soad fertraging. De provinsje Fryslân begjint dizze wike te wurkjen oan de oergong foar fytsers en kuierders op de dyk. De oerlêst dy't automobilisten hjirfan hawwe is lykwols in stik grutter as tocht. Sa stiene automobilisten moandei sa'n 20 minuten yn de file. De provinsje is hjir min oer te sprekken. Dêrom wurde de ferkearsljochten no sa oanpast dat de drokste stream auto's foarrang krijt. Moarns is dat it ferkear rjochting Ljouwert, middeis oarsom.

Nei't it wurk tusken Gytsjerk en Tytsjerk klear is, sil de Provinsje yn Oentsjerk oan de gong. De ferwachting is dus dat de oerlêst foar it ferkear noch wol in goeie fiif wike duorje kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)