Ton skea troch 39 autoynbraken

22 sep 2014 - 10:34

By in Peugeotdealer oan it Beurtschip op It Hearrenfean binne dit wykein 39 auto's iepenbrutsen. By it autobedriuw binne se wolris earder it slachtoffer wurden fan stellerij, mar sa ekstreem as no hawwe se it noch nea earder meimakke. By 39 auto's binne de ruten ynslein, binne de triedden trochknipt en binne út alle auto's ien of meardere airbags meinommen.

De Peugotdealer is goed fersekere, mar baalt as in stekker. Sawol lienauto's as al ferkochte auto's binne fernield. De dealer ropt tsjûgen fia Twitter op om har te melden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)