Deadlik ûngelok It Hearrenfean

22 sep 2014 - 07:57

By it distibúsjesintrum fan supermerkketen Lidl op It Hearrenfean is moandeitemoarn betiid in 58-jierrige frachtweinsjauffeur út Ie om it libben kaam. De sjauffeur is nei alle gedachten net goed wurden achter it stjoer. Hy ried troch it hekwurk en ramde dêrnei in auto, wêrnei't de frachtwein tsjin de gevel fan it Lidl-gebou botste. Dêrby rekke de sjauffeur fan de frachtwein beknipe. De man is op it plak fan it ûngelok ferstoarn.

De helpferlieners fan de brânwacht fan It Hearrenfean wurde opfongen troch it BedrijfsOpvangTeam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)