Bou brede skoalle De Westereen
Der wurdt op it stuit hurd wurke oan de brede skoalle yn De Westereen. Dit is de earste brede skoalle yn de gemeente Dantumadiel. Hjir moatte ûnder oare de skoallen IBS De Westreen en CBS De Boustien in plakje yn krije. Ek komt der in bibleteek, de jeugdsoos en it pjutteboartersplak yn it nije gebou.