Traumahely nei Seisbierrum
De traumahelikopter moast sneintejûn yn aksje komme yn Seisbierrum, nei't dêr in hynsterider fan it hynder fallen wie. Twa ambulânses en de traumahelikopter kamen nei de buorkerij oan de Getswerderdyk. It slachtoffer is mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs yn Ljouwert. Hoe't it mei de hynsterider giet, is noch net bekend.