Motorrider ûnderút op it Vliet

De motor belâne tsjin in gevel © Anton Kappers, Kappers Media
Op it Noardvliet yn Ljouwert is sneintejûn in 33-jierrige motorrider út Ljouwert ûnderútgong, doe't er in buske oer de holle seach dat op de dyk oan it kearen wie. De motorrider botste achterop it buske, dat bestjoerd waard troch in 54-jierrige stedsgenoat. De motor skeat nei de botsing oer de dyk en kaam úteinlik tsjin in gevel fan in gebou ta stilstân. De motorrider is mei ûnbekend letsel oerbrocht nei it sikehûs.
De bestjoerder fan de bus krige in proses-ferbaal. Ek de motorrider krige in boete, om't er gjin motorrydbewiis hie.
It Noardvliet waard tydlik ôfsletten foar ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok.