Krúspunt Drachten gefaarlik

It gefaarlike krúspunt yn Drachten © Google Maps
It krúspunt fan de Noardkade, de Raai en de Noarder- en Suderdwersfeart yn Drachten stiet op plak sân fan de meast gefaarlike ferkearsplakken yn Nederlân. Dat docht bliken út ûndersyk dat Nu.nl die nei de meast gefaarlike plakken.
Yn in striel fan 500 meter om it Drachtster krusing hinne barden foarich jier sân ûngelokken, wêrfan't twa in deadlike ôfrin hienen. Neffens de gemeente Smellingerlân giet it om in 'útsjitter', sa meldt Nu.nl op de webside.
Op nûmer ien yn de list mei meast gefaarlike ferkearsplakken stiet it Leidseplein yn Amsterdam, dêr't 21 ûngelokken barden.