Grutte drokte by minister
In lytse hûndert minsken kamen snein ôf op Het Gesprek van Sneek. De talkshow op lokaasje yn kafee Vellinga yn Snits hie minister fan Finânsjes Jeroen Dijsselbloem as haadgast. It publyk hie benammen in soad fragen oer de miljoenennota en de Russyske boykot. Dy boykot hat ek foar in tal Fryske ûndernimmers grutte gefolgen, mar neffens de minister sil der noch net gau in ein oan komme.