Steenstra wint Aldehoupartij

21 sep 2014 - 17:25

Nelie Steenstra, Sjoukje Visser en Renske Terwisscha van Scheltinga hawwe snein de lêste keatspartij fan it seizoen yn Ljouwert op harren namme skreaun. Sy wûnen finale fan de Aldehoupartij mei 5-1 en 6-2 fan Nicole Hempenius, Leonie van der Graaf en Geke de Boer.

De lytse preemje by de froulju wie foar Elly Hofman, Pytrik Visser en Manon Scheepstra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)