Feenstra nimt ôfskie mei krâns

21 sep 2014 - 17:03

De Aldehoupartij yn Ljouwert is snein in proai wurden foar Jan Dirk de Groot (kening), Marten Feenstra en Daniël Iseger. Yn de finale wie it trijetal mei 5-1 en 6-0 te sterk foar Gert-Anne van der Bos, René Anema en Sjoerd de Jong. Dêrmei wie der in moai ôfskie foar Feenstra en Anema, dy't beide ôfskie nimme fan it keatsen. De lytse preemje wie foar Johan van der Meulen, Alle Jan Anema en Erwin Zijlstra.

De lêste keatspartij fan it seizoen wurdt tradysjegetrou organisearre troch de Ljouwerter keatsklup Sonnenborgh.

Daniël Iseger is winner wurden fan it punteklassemint 2014.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)